Ferlies Jong H'fean yn finale

11 maaie 2009 - 22:59

Jong Hearrenfean hat moandeitejûn de bekerfinale foar belofteteams mei 4-3 ferlern fan Jong De Graafschap. Donovan Deekman sette de Feansters yn it stadion fan RKC Waalwyk noch wol op foarsprong, mar dêrnei skoarde de ploech út Doetinchem twa kear. Keeper Kenny Steppe gong dêrby net frijút. Luciano Narsingh soarge foar de 2-2 by it skoft.

El Hassnaoui sette De Graafschap mei syn twadde en tredde goal op 4-2. Pedro Beda hie it slotakkoart: 4-3.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)