Wind Groep draait op foar skea

11 maaie 2009 - 21:34

Projektûntwikkeler Wind Groep út Drachten moat de finansjele skea betelje fan de fertraging fan it Drachtsterfeartprojekt. Dat hat de gemeente Smellingerlân witte litten. De Wind Groep lei yn oktober 2008 it wurk oan de Drachtsterfeart stil fanwege de ekonomyske krisis.

Troch it útstel fan de wurksumheden rint it projekt fertraging op en alle kosten dy't dêrtroch ûnsteane wol de gemeente ferhelje op de Wind Groep.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)