Asbest fûn by sloop Saailân

© Omrop Fryslân
By de sloop fan de parkeargaraazje oan it Ljouwerter Saailân is asbest fûn. Nei oanlieding dêrfan binne der ek op oare plakken ynspeksjes útfierd en ek dêr is mooglik asbest fûnt.
De kommende wike moat dúdlik wurde wêr't noch mear asbest sit en hoe't dat feilich fuorthelle wurde kin. It is noch bekend oft de fynst fan it asbest ynfloed hat op de planning fan it hiele projekt.