Hofwijck Ljouwert 250 jier

11 maaie 2009 - 16:39

Soarchsintrum de Hofwijck yn Ljouwert bestiet 250 jier. Op 22 maart 1758 waard de Hofwijck oprjochte as in diakonyhûs foar de opfang fan siken en minder bedielden. No is it benammen in fersoargingshûs foar âlderen.

Om dy lange skiednis te fieren wurde dizze wiken allerhande aktiviteiten organisearre. Sa wurdt ûnder oare in sympoasium hâlden oer de takomst fan de âldereinsoarch en is der in tentoanstelling oer de skiednis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)