Remon rapt oer bekerfinale

11 maaie 2009 - 14:50

Rapper MC Remon hat in spesjaal ferske makke foar de bekerfinale fan kommende snein tusken Sportklub Hearrenfean en FC Twente. It nûmer hjit Soll-i-ed dwaan. It ferske is makke yn opdracht fan Hearrenfean sels en sil te hearren wêze op it feest by it stadion op It Hearrenfean.

By it Abe Lenstrastadion wurdt fan twa oere ôf feest fierd. Neist MC Remon binne der ek optredens fan Van Velzen en Syb.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)