Nordconnect-rallyriders thús

© Omrop Fryslân
De dielnimmers oan de Nordconnect-rally binne wer thús. Yn njoggen dagen tiid hawwe se 4000 kilometer ôflein dwers troch Dútslân, Poalen, de Baltyske Steaten, Finlân, Sweden en Denemarken.
It dielnimmersfjild bestie folslein út ûndernimmers út Noard-Nederlân. Doel fan de rally wie dan ek net allinnich om sa gau mooglik fan plak nei plak te riden, mar ek om kontakten op te dwaan. Fan dat lêste is lykwols net folle kaam.