Priis foar Eaststellingwerf

© Omrop Fryslân
De gemeente Eaststellingwerf hat moandei in priis krigen foar de jierstikken oer 2007. Neffens de sjuery fan de F.G. Kordes-trofee hie Eaststellingwerf goed op in rige wêr't it belestingjild oan útjûn is. De gemeente hat 2008 ôsletten mei in posityf saldo fan 2,5 miljoen euro.
De gemeente hat jild oerhâlden troch wurk dat foar 2008 op 'e aginda stie, net út te fieren. Om't it tal minsken yn de bystân weromrûn, is minder útkearingsjild útbetelle.