Gjin draachflak weryndieling

11 maaie 2009 - 10:42

Yn Nijefurd is gjin draachflak foar de weryndielingsfariant dêr't de ried foar keazen hat. Dy konklúzje lûkt it aksjekomitee 'Fan ûnderen op', nei in ûndersyk ûnder 1500 ynwenners fan Warkum, It Heidenskip en Nijhuzum.

58 persint is tsjin weryndielen. As it dan dochs moat, dan kiest 46 persint foar yn fúzje mei Wûnseradiel en Gaasterlân-Sleat. Mar 14 persint kiest foar de kar fan de gemeenteried om fierder te gean mei Wymbritseradiel, Wûnseradiel, Boalsert en Snits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)