Fernielers De Gordyk pakt

11 maaie 2009 - 10:02

De plysje hat trije jonges oanhâlden dy't yn de nacht fan 18 op 19 april in grut tal fernielings oanrjochte hawwe op De Gordyk. It giet om twa jonges fan 16 jier út De Gordyk en Jubbegea, en in 17-jierige jonge út De Himrik.

De jonges hawwe bekend dat se sawol yn it wykein yn april as yn it wykein fan 21 maart saken fernield ha. De skea is om de 30.000 euro hinne. Der kin neffens de plysje noch mear by komme, om't net elk oanjefte dien hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)