Underhannelingen kaapt skip

11 maaie 2009 - 08:57
  • In Somalyske kaper (foto: 7Days Newspaper)

Underhannelers fan de Belgyske regearing binne optimistysk dat se de bemanning fan it ein april kaapte skip Pompeï frij krije kinne. Under de bemanning is ek de Harnzer kaptein Hendrik Toxopeus. It Belgyske Krisissintrum wol der fierder neat oer sizze, mar berjochtet yn de krante 7Days Newspaper yn Dubaï wol dat in trochbraak tichtby is. De famylje fan Toxopeus hopet net dat der keazen wurdt foar in befrijingsaksje mei geweld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)