Fertochten Frjentsjerter brân

De plysje hat sneintejûn trije fertochten oanhâlden foar it oanstekken fan brân yn in hûs oan de Paul Krugerstrjitte yn Frjentsjer. De manlju wiene flak foardat de brân ûntstie yn it leechsteande hûs oanwêzich.
De brân begûn om healwei alven jûns hinne. De wente baande folslein út. Twa oare huzen rûnen ek skea op. De brânwachtkorpsen fan Frjentsjer, Harns, Menaam en Ljouwert hawwe it fjoer úteinlik blust.