Seizoen wie 'net niet'

10 maaie 2009 - 17:49

It ôfrûne seizoen wie foar Sportklup Hearrenfean 'net niet'. Dat sei trainer Trond Sollied flak nei it lêste kompetysjeduel yn Alkmaar tsjin AZ. Hearrenfean ferlear mei 3-1.

Foar Hearrenfean hie de nederlaach gjin gefolgen foar it plak yn it einklassemint. De ploech stie en bleau fyfde mei 60 punten. Neffens Sollied hat Hearrenfean foaral tsjin de lytsere ploegen punten ferlern. Dat hie net nedich west. Nije wike snein is de bekerfinale yn Rotterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)