Winners Kunstbende bekend

De webside fan Kunstbende
De 19e foarronde fan de Kunstbende Fryslân waard sneon holden yn De Lawei yn Drachten. De sjuery fûn it nivo fan de goed 80 ferskate acts tige heech. Alle earste priiswinners krigen in coaching oanbean en gean troch nei de lanlike finale op 27 juny yn Amsterdam.
It tema fan dit jier, macht, wie troch 250 jongeren út Fryslân ferwurke yn selsmakke acts. Dûnsgroep Smooth Boyz wûn yn de kategory dûns, Femke Dijkstra by taal, De Trap by teater, Barry Nice & The Nice Guys by muzyk.