Ferlies Snits en De Jouwer
Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart moast it yn de lêste wedstriid opnimme tsjin koprinner WKE. It waard 2-1 foar de ploech út Emmen. Troch de winst waard WKE kampioen fan de haadklasse.
Snits kaam yn de twadde minút fan de earste helte op 1-0 foarsprong troch in doelpunt fan Theo Ydema. Paul Weerman makke beide doelpunten foar WKE. De Jouwer ferlear fan Lienden mei 6-3.