Hearrenfean ferliest fan AZ

Patrik Ingelsten
Sportklup Hearrenfean hat snein yn Alkmaar de lêste kompetysjewedstriid mei 3-1 ferlern fan kampioen AZ. Foar beide ploegen stie der net in soad mear op it spul. Topskoarer El Hamdaoui sette de 1-0 op it skoareboerd.
Dembélé soarge foar de 2-0 en 3-0. De iennichste treffer fan de Feansters waard makke troch Patrik Ingelsten yn de 87e minút. Takom wike snein spilet Hearrenfean de bekerfinale yn de Kuip yn Rotterdam tsjin FC Twente.