Oanholden foar mislediging

10 maaie 2009 - 14:08

De plysje hat sneontejûn in jonge (17) út Drachten oanholden foar mislediging. De jonge makke diel út fan in groepke dat ried oer de Raai yn Drachten. Hy slingere oer de dyk en de plysje spruts him dêroer oan.

It die bliken dat de jonge gjin identiteitspapieren by him hie. Hy wegere mei te gean nei it plysjeburo en misledige de plysjeminsken. Uteinlik bedarre er dochs op it buro en krige er in bekeuring.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)