Man sit dronken efter stjoer

10 maaie 2009 - 14:06

In ynwenner (24) fan Ljouwert is sneintemoarn troch de plysje op de bon slingere omdat er dronken efter it stjoer fan in auto ried en omdat er in plysjeman misledige hie. De man waard op it Hoeksterend yn de stêd oanholden en de plysje rûkte dat de man alkohol dronken hie.

De man woe dêrnei net meiwurkje oan in azemanalyse, wêrnei't de plysje in bloedproef dwaan woe. Neidat dit ek net slagge, waard by de man in urineproef ôfnommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)