Man dumpt autowrak yn berm

10 maaie 2009 - 13:48

In man (19) út Nes yn Boarnsterhim is sneon troch de plysje oanholden omdat er in autowrak dumpt hat by Goaiïngahuzen. De plysje hie it wrak fûn yn de berm fan de dyk. It linkerportier fan de reade auto wie fuorthelle.

Neidat in bergingsbedriuw de auto ophelle hie, ried de plysje yn de rjochting fan Grou. Dêr seagen se in grize auto mei in reade linkerportier. De bestjoerder bekende úteinlik dat hy de auto dumpt hie by Goaiïngahuzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)