Himpkwekerij fûn yn Ljouwert

10 maaie 2009 - 13:23

De plysje hat sneontemiddei yn de Perenstrjitte yn Ljouwert sân minsken oanholden dy't dêr dwaande wiene mei in himpkwekerij. It giet om fjouwer manlju en trije froulju út Ljouwert, Harns en Emmen.

De plysje kaam de himpkwekerij op it spoar omdat omwenners klage hiene oer in skerpe himpgeur yn de buert. Doe't de plysje de wente yn gie wiene de sân fertochten krekt dwaande mei it knippen fan de himpplanten. Yn totaal wiene der 267 planten en 92 stekken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)