Swiere tiden foar Stenden

10 maaie 2009 - 12:48
  • Stenden hegeskoalle yn Ljouwert

Der brekke finansjeel swiere tiden oan foar Stenden hegeskoalle yn Ljouwert. Dat seit foarsitter Robert Veenstra fan it kolleezje fan bestjoer fan de hegeskoalle. It regear hat de ûnderwiisbegrutting fan 2010 beferzen en dat hat foar Stenden gefolgen.

Der komme hieltyd mear studinten by op de skoalle en dat smyt hegere kosten op, wylst der yn ferhâlding minder jild te besteegjen is. At de kredytkrisis mar in pear jier duorret, kin Stenden de holle boppe wetter hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)