Gjin treinen Snits-Starum

© Omrop Fryslân
Der ride snein oant healwei seizen gjin treinen mar bussen tusken Snits en Starum. Dat komt omdat it stik spoar brûkt wurdt foar it stoomwykein. Dêrby rydt der ûnder oare in stoomtrein tusken de twa stêden.
Gewoane reizigers wurde ferfierd mei bussen, de reis duorret dêrtroch in healoere langer. Ek sneon rieden der gjin treinen mar bussen op it trajekt.