Mûnebehearder riddere

09 maaie 2009 - 14:52

Jan van Bergeijk fan Oerterp is sneon yn Loenen aan de Vecht ta lid yn de orde fan Oranje Nassau beneamd. Hy is sûnt 25 jier frijwillige mûnder fan de Loenderveense Molen yn Loenen. Dêrby soarget er foar ûnderhâld en behear, mar is ek gids foar de besikers.

Loko-boargemaster Henk Hoen fan Opsterlân reizge sneon ôf nei Loenen aan de Vecht om de jubilaris it lintsje op te spjeldzjen. Van Bergeijk is nei syn pensjoen fan Amsterdam nei Oerterp ferhuze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)