Van der Lelie wint Oranjewâld

09 maaie 2009 - 13:57

Hurdrinner Rudi van der Lelie fan Jobbegea hat yn It Hearrenfean de Ronde fan Oranjewâld op syn namme skreaun. Yn in lange solo wûn er de tsien Ingelske milen mei start en finish by it Abe Lenstrastadion yn in tiid fan 53 minuten en 14 sekonden. Riekel Kobes fan Nij Beets kaam op fjouwer minuten as twadde oer de streek.

Earder dit seizoen wûn Van der Lelie ek al de Condensrin yn Ljouwert en waard er twadde by de Marrerin yn Grou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)