Sparje foar fytspunten

Kantoar De Friesland yn Ljouwert
Fjouwer op 'e fiif wurknimmers fan De Friesland dy't yn Ljouwert of krekt dêrbûten wenje, fytse nei it wurk. De eigen wurknimmers moatte sûner wurde en dêrom docht de soarchfersekerder mei oan in nasjonaal fytsprojekt.
By it projekt De Trappers krije wurknimmers punten foar fytskilometers. As se genôch sparre hawwe, kinne se koarting krije op guon produkten. De helte fan it tal wurknimmers fan De Friesland wennet minder as 8,5 kilometer fan it wurk ôf.