Aksje tsjin sluting jeugdkeet

Eigners fan in jongereinhonk De Gouden Keet yn Sonnegea fiere aksje tsjin sluting fan 'e keet. Se hawwe in mobile caravan op in gersfjild foar it gemeentehûs yn Wolvegea delset.
De gemeente Weststellingwerf wol de keet slute. Der soe drank ferkocht wurde en dat betsjut konkurrinsje foar de hoareka. Mar neffens Martin Kompaan fan 'e keet is it honk inkeld op freedtejûn iepen en wurdt der net betelle foar in pilske. Boargemaster Van Klaveren bliuwt by syn stânpunt.