Deade op jachtwerf Snits

09 maaie 2009 - 09:44

Op in jachtwerf oan 'e Oude Oppenhuizerweg yn Snits is sneontemoarn in man út Snits (45) om it libben kaam. It slachtoffer wie op de werf dwaande mei in jacht dat op in bok stie. It jacht kantele en foel op de man. Dy rekke dêrtroch sa ferwûne dat er ferstoar.

De eigner fan 'e werf hat de man fûn. Hoe't it jacht kantelje koe, wurdt ûndersocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)