Kapel weriepene troch biskop

De Bonifatiuskapel
Biskop Gerard de Korte fan it bisdom Grins/Ljouwert hat freed de ferboude Bonifatiuskapel yn Dokkum ynwijd. Der is foar in heal miljoen euro ynfesteard yn in nij moetingsplak en toiletten. Der komme jierliks sa'n twintichtûzen pylgers yn de kapel. Troch de ferbouwing kin dat oantal tanimme.
De ynwijing is fierd mei in eucharistyfiering, in toanielstikje en natuerlik de wijing mei kwast en wetter troch de biskop.