'Rake klappen' grut súkses

Rake Klappen (fotor: Anne Graswinckel)
Teaterselskip Tryater spilet op 13 maaie de lêste foarstelling fan it stik 'Rake klappen'. It stik is goed tritich kear opfierd en mear as 1500 minsken seagen it. 'Rake klappen' giet oer húslik geweld en hoe't minsken dêrmei omgean kinne.
Nei de foarstelling koe it publyk prate mei helpferlieners. De lêste foarstelling wurdt spile yn teater it Tryatergebou yn Ljouwert.