Schuurmans yn West Side Story

08 maaie 2009 - 19:55
  • Maaike Schuurmans

Aktrise Maaike Schuurmans hat opnij in rol yn in musical by de Bad Hersfelder Festspiele yn Dútslân. Se spilet de rol fan Anita yn de musical West Side Story. Ferline jier hie Schuurmans ek in rol by it iepenloftfestival. Se wûn dêr doe ek in priis mei.

De Bad Hersfelder Festspiele is ien fan de meast ferneamde Dútse iepenloftfestivals. De foarstellings wurde spile yn de ruïne fan in monumintale tsjerke en lûke sa'n 90.000 besikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)