SER: ien noardlik lânsdiel

08 maaie 2009 - 17:18

Fryslân, Grinslân en Drinte soene opgean moatte yn in Noardlik lânsdiel mei ien sintraal bestjoer. Dat stiet yn it rapport 'Koersvast' fan de sosjaal ekonomyske ried Noard-Nederlân. Dy fynt dat de trije provinsjes de gearwurking fierder útwreidzje moatte.

Dy gearwurking moat dan foaral rjochte wurde op edukaasje, wurkgelegenheid en de promoasje fan it noarden. Neffens it rapport dogge de provinsjes dat no noch tefolle op har eigen wize.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)