Sky-taksy no ek fan Rotterdam

© Omrop Fryslân
It bedriuw Sky-taksy fan 'e Jouster Roland Kortenhorst hat freed de earste kommersjele flucht fan it Rotterdamske fleanfjild útfierd. It gie om in reiske nei Switserlân en Spanje. Sky-taksy begûn yn april mei in twadde taksy-jet en in nije festiging op Rotterdam Airport. It bedriuw fan it âld-CDA-Twadde Keamerlid siet al op Skiphol.
Kortenhorst begûn yn septimber ferline jier mei syn luchttaksybedriuw foar sakelju.