Kitesurfplakken op Waad

08 maaie 2009 - 16:32

Kitesurfers hawwe op 'e Waadsee fjouwer plakken tawiisd krigen dêr't se it hiele jier surfe meie. It giet om in gebiet by de feardaam fan It Amelân, it Griene strân by Skylge, de Westerseedyk by Harns en de Hoek fan de Bant by Eanjum. Rykswettersteat woe it earst allinnich tastean yn de simmermoannen fanwege fersteuring fan de fûgels yn it gebiet. Mar neffens de rjochter hoegde dêr gjin rekken mei hâlden te wurden en koe it seizoen útwreide wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)