PvdA: 20 aspirant-riedsleden

08 maaie 2009 - 15:16

De riedsferkiezings fan 2010 binne yn sicht. Reden foar de PvdA-Ljouwert om tongersdei in spesjale wervingsjûn foar riedsleden te organisearjen.

Yn it algemien is it dreech riedsleden te finen, mar dat liket yn Ljouwert ta te fallen. De PvdA-Ljouwert is mei seishûndert leden ien fan de grutsten fan it lân. Uteinlik sjogge tweintich fan 'e oanwêzigen it sitten riedslid te wurden. In spesjale seleksjekommisje moat dêr no oer gear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)