Gjin play offs SC Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Sportklup Hearrenfean hoecht dochs gjin play offs te spyljen foar Europeesk fuotbal. Dat is freed besletten troch de UEFA op fersyk fan de KNVB. It beslút hâldt yn dat Hearrenfean by winst of ferlies fan 'e bekerfinale ynstreamt yn de tredde foarronde fan de Europa League, de opfolger fan de UEFA cup.
Ferline wike waard bekend dat Hearrenfean by ferlies dochs meidwaan moatte soe oan de neikompetysje. Hearrenfean wie dêr net gelokkich mei.