Soad folk op sjochdei Brada

© Omrop Fryslân
Hûnderten bûtenlânske belangstellenden komme ôf op de sjochdagen by slachterij Friesland Vlees yn Ljouwert, it eardere Brada. Dêr wurdt de folsleine ynventaris ferkocht troch feilinghûs Troostwijk. Freed is de lêste fan twa sjochdagen en binne de doarren fan 'e slachterij foar it alderlêst iepen.
Friesland Vlees gie ferline jier ticht neidat minister Verburg en Tros-programma Radar har negatyf útsprutsen oer it bedriuw.