Keunst op dak MCL

07 maaie 2009 - 22:14

As it oan de keunstkommisje fan sikehûs MCL yn Ljouwert leit, komt der keunst op guon platte daken fan it sikehûs te stean. Dy winsk utere foarsitter Winferd Madlener fan de kommisje tongersdeitejûn by de iepening fan in eksposysje fan it Fries Museum en museum Princessehof yn it MCL.

Madlener is dêr ek direkteur Fasilitair Bedriuw. Guon platte daken soene dêr miskien geskikt foar wêze, mar der is noch gjin jild foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)