Gjin dichter mar stedskeunster

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert wol in nije ynfolling jaan oan de funksje fan stedsdichter. De opfolger fan Derwent Christmas moat in keunstsinnich type wêze.
Ien dy't bygelyks sjonge kin of in keunstwurk oer de aktualiteit meitsje kin. Minimaal fjouwer kear yn it jier moat foar in grut publiek optreden wurde. Ein juny moatte alle kandidaten har presintearje en wurdt de winner bekend makke.