Ynnovative ekomomy dosint

© Omrop Fryslân
De 24-jierige Anthea van Os hat in Henk Peer-priis wûn. Dat is in priis foar meast ynnovative ekonomy les.
Anthea van Os is learares ekonomy yn oplieding. Se jout les op CSG Liudger yn Drachten. Se hat in manier betocht om yngewikkelde ekonomyske begrippen taastber te meitsjen sadat learlingen it better ûnthâlde kinne. Der wurde trije Henk Peer prizen útrikt yn de kategory studinten. Hokker priis sy krijt wurdt op 14 maaie bekend makke.