Jan de Jonge net nei Sparta

07 maaie 2009 - 17:40
  • Jan de Jonge op 'e bank by de beloften fan Hearrenfean (foto Martin de Jong)

Jan de Jonge wurdt gjin haadtrainer fan Sparta. Nei oriïntearjende petearen binne De Jonge en de Rotterdammers ta de konklúzje kommen dat der gjin goeie basis is foar in gearwurking.

De posysje fan haadtrainer by Sparta komt frij omdat âld-Ljouwerter Foeke Booy takom seizoen by FC Utrecht oan 'e slach giet. De Jonge wurket op it stuit as haad jeugdoplieding by SC Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)