Lespakket Sicht op Fryslân

07 maaie 2009 - 16:27

Nei in televyzjesearje en in tsjok boek is der no ek noch in lespakket makke fan it projekt Sicht op Fryslân. 66 Fryske skoallen yn it fuortset ûnderwiis brûke aanst de website fan Sicht op Fryslân om de learlingen de rykdom fan it Fryske lânskip by te bringen.

De studinten kinne by de bylden fan de tv-searje fragen beantwurdzje oer bygelyks de Fryske Wâlden of de heuvels fan Gaasterlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)