Sylregatta foar jongerein

07 maaie 2009 - 13:58

Foar de twadde kear waard tongersdei in sylregatta foar jongerein organisearre op de Snitsermar. It idee komt fan it Bogermancollege. Se wolle mei de regatta it skoalsilen mear stimulearje. Dit kear diene fiif skoallen mei en dêrmei is it evenemint al twa kear sa grut as ferline jier.

It wie de bedoeling dat 155 jongeren fan de hegere skoallen it wetter op soene, mar fanwege wynkrêft 5 foel dat ôf. It Bogerman wol mei de regatta in nije tradysje yn it libben roppe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)