Skeafergoeding bommelding

© Omrop Fryslân
De gemeente Weststellingwerf besiket de skea dy't ûntstie troch in falske bommelding te ferheljen op de man dy't de melding die. Op 15 desimber 2008 waard in part fan it sintrum fan Wolvegea ûntromme, omdat der in driigjend tillefoantsje binnenkaam oer in bom yn de Rabobank.
Helptsjinsten wiene fjouwer oeren dwaande om te konstatearren dat it om in falske melding gie. De plysje en oare helptsjinsten besykje net om de skea te ferheljen.