Mear dieltiid-ww oanfrege

07 maaie 2009 - 10:43

Bedriuwen yn Fryslân hawwe foar sa'n 50 oant 60 meiwurkers dieltiid-ww oanfrege. Dat hat it UWV, de organisaasje dy't ferantwurdlik is foar dy dieltiid-ww bekend makke. Dat waard woansdeitejûn dien op in byienkomst yn de súdwesthoeke. Yn dy regio hawwe tsien meiwurkers dieltiid-ww.

Dy dieltiid-ww freegje bedriuwen oan fanwege de ekonomyske krisis. Mei de tydlike útkearing kin in perioade fan minder opdrachten oerbrêge wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)