Strjitrôver oanholden

07 maaie 2009 - 10:37

De plysje hat woansdei in jonge (16) út Ljouwert oanhâlden op fertinking fan strjitrôf. Hy kaam in bekende fan him tsjin, in jonge fan 15, en sei dat dy him noch jild skuldich wie. Doe't dy oanjoech dat er dat net hie, moast er ûnder bedriging fan in mes jild pinne. Dat mislearre en de fertochte naam de fyts fan it slachtoffer mei.

It slachtoffer belle de plysje. De fertochte koe op de Keizersgracht op de fyts oanholden wurde en by ûndersyk waard in mes fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)