Buske yn PM-kanaal Strobos

© Omrop Fryslân
De skipfeart hat tongersdeitemoarn yn it Prinses Margrietkanaal by Strobos in skoft strimd west. Yn de fargeul wie tongersdeitemoarn in buske bedarre, doe't de bestjoerder in trekker besocht yn te heljen. Hy rekke dêrby de macht oer it stjoer kwyt en ried yn it wetter. De man koe sels út it buske komme.
Yn de rin fan de moarn is it buske út it wetter helle. De skipfeart hie doe wer frij baan.