Skaaktalint docht mei oan FK

Skaaktalint Anna-Maya Kazarian
Anna-Maja Kazarian fan It Hearrenfean is de jongste dielnimster ea oan it Frysk Kampioenskip skaken. Kazarian is njoggen jier en waard earder al Nederlânsk kampioen by de famkes oant tsien jier. Dit jier mei se dêrtroch ek meidwaan oan it Europeesk Kampioenskip yn Italië.
Gewoanwei moatte je minimaal tolve jier wêze foar it Frysk Kampioenskip, mar foar Kazarian waard in útsûndering makke. Kazarian is in dochter fan Geörgyske âlders.