Swimbad Menaam goedkeaper

© Omrop Fryslân
De tagongspriis fan swimbad Schatzenburg by Menaam sakket flink. Jierrenlang moast der tsien euro betelle wurde foar in kaartsje en dat soarge foar in soad opskuor. Minsken fûnen de priis fierste heech, mar neffens de eigner koe it net foar minder. No sakket de priis lykwols dochs. Yn 't plak fan tsien euro moat no fiif euro betelle wurde.
Mei de priisferleging hoopje eigner Van Booma en nije man Klaas Donath goodwill te kweken.