Friezen yn European Footrace

© Omrop Fryslân
Ultrarinners Jenni de Groot út Ljouwert en Ubel Dijk út Drachten hawwe de earste santjin dagen fan de Transeuropean Footrace derop sitten. Nei 1131 swiere kilometers steane se op it 15e en 34e plak yn it totaalklassemint. By de froulju stiet De Groot op it fyfde plak.
Yn totaal dogge 68 dielnimmers mei oan de race. Hoewol't De Groot in lichte blessuere oan 'e skynbonke hat, kin se foarearst har eigen tempo goed folhâlde.