Besunigings op plattelân

06 maaie 2009 - 15:39

De provinsje wol 17 miljoen euro besunigje op it plattelân. De besunigings sille fan gefolgen hawwe dat de subsydzjes foar doarpshuzen mei de helte ynkoarte wurde. Ek komt der folle minder jild beskikber foar leefberensprojekten op it plattelân.

Stichting Doarpswurk is ferbjustere en fynt dat de provinsje net in dúdlike reden foar de besunigings jaan kin. Provinsjale Steaten sille der oer twa moanne definityf oer beslute.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)