Tankautospuit Stiens lek

© Omrop Fryslân
De tankautospuit fan de brânwacht fan Stiens hat tiisdei ien dei út de rûlaasje west yn ferbân mei lekkaazje oan de wettertank. By in kontrôle die bliken dat de tank wat lekte by de oansluting. Ut foarsoarch is it euvel reparearre.
Omdat de brânwacht fan Stiens mar ien tankautospuit hat, waard de brânwacht fan Hallum ynskeakele om standby te wêzen. Dat korps waard ek noch ien kear oproppen foar in automatysk brânalarm.